Springe nei ynhâld

Lecce

Ut Wikipedy
Lecce
Sante Croce-basilyk
Sante Croce-basilyk
Emblemen
               
Bestjoer
Lân Itaalje
Regio Apûlje
ProvinsjeLecce
Sifers
Ynwennertal94.377 (31.07.2025)[1]
Oerflak241 km²
Befolkingsticht.391,61 ynw/km²
Hichte49 m
Oar
Postkoade73100, 73010
Offisjele webside
Bari – offisjeel webstee
Kaart
Lecce (Itaalje)
Lecce
Lizzing fan Lecce yn Itaalje

Lecce is in stêd mei mear as 90.000 ynwenners yn 'e Italjaanske regio Apûlje. It is ek de haadstêd fan 'e provinsje mei deselde namme .

De stêd leit yn it lân op likernôch 11 en 23 kilometer fan 'e Adriatyske en Ionyske See, tichtby it súdlikste punt fan 'e hakke fan Itaalje. Lecce hat in universiteit, de Università del Salento .

Njonken Lecce hearre by de gemeente ek de plakken:

  • Frigole
  • San Cataldo
  • San Ligorio
  • Torre Chianca
  • Torre Rinalda
  • Villa Convento.
Amfiteäter.

Lecce waard yn 'e 7e iuw f.Kr. troch Griken stifte en hiet yn 'e tiid fan it Romeinske Ryk Lupiae. Yn 'e twadde iuw yn 'e stêd waard it amfiteäter boud, hjoed-de-dei ien fan 'e meast wichtige monuminten fan 'e stêd. Portus Hadriani wie de haven en is tsjintwurdich it plakje San Cataldo.

Mei't yn Lecce yn ferhâlding de barokke arsjitektuer in soad fertsjintwurdige is, waard de stêd ek wol it Florâns fan 'e Barok neamd. In oare bynamme fan 'e stêd is Atene fan Apûlje.

Mei Apûlje hearde de stêd nei de skieding fan it Romeinske Ryk by it Eastromeinske Ryk, oant yn 'e 11e iuw Lecce troch Normandjers oermastere waard. Yn 'e iuwen dêrnei wie de stêd de haadstêd fan in greefskip dat bestie út it súdlik diel fan Apûlje en in part fan Lûkaanje. Sûnt de 15e iuw stie de stêd mei in lytse ûnderbrekking fan Habsburchske dominânsje ûnder it bewâld fan it Spaanske Hûs Bourbon, oant dat as diel fan it Keninkryk fan 'e Beide Sisyljes opgie yn it Keninkryk Itaalje.

It besjen wurdich

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Basilica di Santa Croce (Hillich Krúsbasilyk) – in grutte tsjerke mei in gevel fol byldhouwurk; it moaiste foarbyld fan de saneamde Barok fan Lecce. Oanbuorjend stiet it 17e-iuwske Palazzo dei Celestini (Selestynsk paleis), dat hjoed-de-dei it provinsjehûs is.
  • Cattedrale di Lecce (Katedraal fan Lecce) – boud tusken 1659 oant 1670 oan it haadplein op it plak fan 'e romaanske foargonger. De klokketoer datearret fan 'e jierren 1661-1682.
  • Piazza del Duomo (Domplein) – it moaiste plein fan Lecce, mei de katedraal, it biskophûs en it seminaarje.
  • Romeinsk amfiteater – oerbliuwsels út de Romeinske tiid
  • Piazza Sant'Oronzo (Orontiusplein) – it sintrale plein mei in byld fan de patroanhillige Sint-Orontius (Sant’Oronzo).
  • Castello di Carlo V (Kastiel fan Karel V) – in grutte festing út de 16e iuw, no brûkt foar tentoanstellings.
  • Porta Napoli (Poarte fan Napels) – in âlde stêdspoarte dy't tagong jout ta it histoaryske sintrum.

De hillige Orontius fan Lecce is de patroanhillige fan 'e stêd Lecce. Dêrnjonken wurdt ek Bernardino Realino as in patroanhillige fereare.

Boarnen, noaten en/as referinsjes: